De lêste Nacht fan de Nacht-kuier yn Littenseradiel: meld jo no oan! (04-10-2017)

logo nacht fan de nacht

Alle jierren wurdt der lanlik in Nacht fan de Nacht organisearre om de klam te lizzen op de skjintme fan it wiere tsjuster. Gemeente Littenseradiel en Natuurmonumenten dogge ek dit jier wer mei, en wol op 28 oktober, mei in nachtkuier troch it unike greidefûgelgebiet “De Leonserpolder”.

Kuier

De kuier wurdt begelaat troch boskwachters fan Natuurmonumenten en fynt plak op sneontejûn 28 oktober. We starte by de tsjerke fan Leons, wêr genôch parkeargelegenheid is. De lingte fan de tocht is sa’n 12 kilometer. Op likernôch de helte is der skoft fan ûngefear in heal oere mei in fergees bakje kofje mei koeke. Learzen binne nedich foar dizze kuier. Meld jo dus rap oan en kom mei ús genietsjen fan in ynswarte nacht, in grôtfolle stjerrehimel en de nijsgjirrige nachtlike lûden fan de natoer. De rûte is oars as oare jierren.

Ljochtfersmoarging

De Nacht fan de Nacht wol minsken bewust meitsje fan ljochtfersmoarging en fan de mooglikheden om dizze foarm fan fersmoarging werom te bringen. Nederlân hat mar in pear echt tsjustere plakken. Sterker noch; Nederlân heart ta de lannen mei de measte ljochtfersmoarging. Mei de Nacht fan de Nacht wolle wy minksen genietsje litte fan de tsjustere nacht en dit ûnderwerp breed ûnder de oandacht bringe.

Nachtkuier

De Leonserpolder, tusken Leons, Baard en Jorwert is in bysûnder gebiet. Hast 300 hektare is yn de ruilververkaveling Baarderadiel oanwiisd as greidefûgelreservaat. Mei de boeren dy’t oan partikulier natoerbehear dogge, docht Natuurmonumenten har bêst om it gebiet sa oantreklik mooglik te meitsjen foar greidefûgels. De gerslanne, dy’t yn de maitiid wiet hâlden wurde, wurde pas meand as de jonge fûgels fleane kinne (dat is net earder as nei 15 juny). Ek tige wichtich is de kultuerhistoaryske wearde fan de perselen. It greppel- em sleattepatroan wurdt soarchfâldich yn stân hâlden. Yn de hjerst wurde de greiden en sleatten bewenne troch ljippen, smienten, wettersnippen, wylsters en guozzen. Oft dy der mei de Nacht fan de Nacht ek allegearre binne is ôfwachtsjen. Wylst wy in flinke kuier meitsje, hoopje wy se wol te hearren!

Meikuierje? Meld jo oan!

Oanmelde is ferplichte en kin oant 26 oktober fia www.natuurmonumenten.nl/activiteiten/nacht-van-de-nachtwandeling-door-de-lionserpolder/2017-10-28t1900. It tydstip wurdt oan jo bekend makke sadree’t jo jo oanmeld hawwe. Oan dizze kuier kinne op syn meast 120 persoanen meidwaan. Wêz der dus op’e tiid by!

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de Nacht fan de Nacht en oer oare eveneminten dy’t dan ek organisearre wurde, kinne jo fine op www.nachtvandenacht.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'De lêste Nacht fan de Nachtkuier yn Littenseradiel: meld jo no oan!'