Iepenbiere sitting fêststellen kandidatelist gemeenteriedsferkiezings Waadhoeke (12-10-2017)

Dit item is verlopen op 14-10-2017.

Op moandei 9 oktober hawwe 6 partijen yn Waadhoeke in list ynlevere. Dêrneist is der in fersyk dien ta in listkombinaasje troch CDA en Christenunie. De kontrolearre listen lizze fan woansdei 11 oktober ôf op besjen op it gemeentehûs yn Frjentsjer. Freed 13 oktober is der yn it stêdhûs fan Frjentsjer in iepenbiere sitting fan it sintraal stimburo dêr’t de kandidatelisten yn fêststeld wurde.

De ynlevere listen binne:

  • ChristenUnie
  • CDA
  • FNP
  • SAM Waadhoeke
  • Gemeentebelangen
  • VVD

Neffens kêst I1 fan de Kieswet ûndersocht it sintraal stimburo dizze listen offisjeel yn in besletten sitting op tiisdei 10 oktober om 16.00 oere. De konklúzje is dat alle listen foldogge oan de wetlike foarskriften. Der binne gjin fersommen konstatearre. Ek it fersyk ta listkombinaasje foldocht oan de fereasken.

Op besjen

Fan woansdei 11 oktober 2017 ôf oant en mei freed 13 oktober 2017 15.00 oere lizze de listen op besjen foar elkenien. Dat kin ûnder de iepeningstiden fan it gemeentehûs yn Frjentsjer: op wurkdagen fan 08.30 oere oant 16.00 oere, en op woansdei fan 8.30 oere oant 19.00 oere. Adres Harlingerweg 18 yn Frjentsjer.

Iepenbiere sitting sintraal stimburo

De iepenbiere sitting fynt plak op 13 oktober 2017 om 16.00 oere yn it stêdhûs, Raadhuisplein 1 yn Frjentsjer. Hjiryn wurde de kandidatelisten mei de nûmering dy’t derby heart, fêststeld.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Iepenbiere sitting fêststellen kandidatelist gemeenteriedsferkiezings Waadhoeke'.