LEADER-subsydzjeregeling wer iepen foar oanfragen (12-10-2017)

logo Streekwurk Noardwest

Inisjatyfnimmers fan projekten yn Noardeast- en Noardwest Fryslân – dêr’t Littenseradiel ek ûnder falt – kinne fan 2 oktober oant en mei 10 novimber subsydzje oanfreegje út it Europeeske programma foar plattelânsûntwikkeling LEADER.

Trije oanpassingen

De regeling krijt op trije punten in oanpassing. Yn de subsydzjeregeling jildt foar bepaalde kosten, lykas de kosten foar ynhier fan adviseurs, in maksimum subsydzjepersintaazje. Foar de bou en ferbettering fan ûnreplik guod en foar de oan- of hierkeap fan nije masjines en bedriuwsútrêsting wurdt dit maksimum skrast. Yn de praktyk die bliken dat dy regel kwalitatyf goede subsydzjeoanfragen ûnnedich beheinde. Fierdersoan wurdt it mooglik de subsydzje yn te setten foar it oanskaffen fan (taksearre) twaddehâns guod. Tink dan oan de ynrjochting fan in keuken of kantoar of de oanskaf fan masjines. Ek hoecht de subsydzjeoanfreger gjin bewiisstikken mear oan de oanfraach ta te heakjen dêr’t oanfoljende finansiering fan bygelyks in gemeente bliken docht.

Subsydzjeprogramma LEADER

Om doarpen en stêden yn dy gebieten ek yn de takomst fitaal en leefber te hâlden binne der nije stimulânsen nedich. In wichtich útgongspunt foar LEADER is dat minsken yn it gebiet sels bepale wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet. It giet om projecten dy’t troch ynwenners út it gebiet opsetten wurde. Ferstjintwurdigers út de streek, de streekambassadeurs yn de Local Action Group, advisearje oer it takennen fan LEADER-subsydzje. Yn Fryslân kinne inisjatyfnimmers fan projekten yn Noardeast- en Noardwest-Fryslân subsydzje oanfreegje. Koartlyn krige it Bildtske keunstprojekt Potatoes Go Wild in subsydzjebydrage foar harren projekt.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'LEADER-subsydzjeregeling wer iepen foar oanfragen'.