Subsydzje mienskipsprogramma Lân fan taal beskikber (12-10-2017)

logo Lân fan taal

Organisaasjes kinne fan 4 oktober oant en mei 1 novimber 2017 wer in oanfraach foar it mienskipsprogramma fan Lân fan taal yntsjinje. De subsydzje is foar op it publyk rjochte produksjes op it mêd fan meartaligens beskikber.

Gebrûk Fryske taal stimulearje

Mei it subsydzje wol de provinsje Fryslân fernijende projekten op it mêd fan meartaligens, taal en/of it Frysk stimulearje. Elke keunstdisipline en elke lokaasjes yn ‘e provinsje is tastien. Foar grutte kulturele produksjes is maksimaal € 25.000,- beskikber. De oanfragen fan de grutte produksjes wurde troch in kommisje beoardiele. It giet dan om maksimaal € 5.000,- it projekt. Foar lytse kulturele produksjes is der op syn heechst € 5.000,- beskikber. De oanfragen foar de lytse produksjes wurde op folchoarder fan ynkommen takend. It subsydzjebedrach foar in lyts projekt is € 500,-.

Lân fan taal

Lân fan taal makket diel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 út en wurdt troch de provinsje sels oanfierd. It programma fiert de taal yn al har fasetten. By alle aktiviteiten, foarstellings, eksposysjes en ynstallaasjes stiet meartaligens foarop, mei it Frysk as paradehynder. Lân fan taal is in gearwurking fan Afûk, Explore the North, Fryske Akademy, gemeente Ljouwert, Historisch Centrum Leeuwarden, Keunstwurk, Neushoorn, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân, Rijksuniversiteit Groningen, Tresoar en Tryater.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling is te finen op www.fryslan.frl. Mear witte oer Lân fan taal? Sjoch dan op www.lanfantaal.frl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Subsydzje mienskipsprogramma Lân fan taal beskikber'.